Krekt gjin priis foar Brecht, Amarins en Jennie op NK
De earste partij tsjin Boazum, dy’t in thúswedstriid spile, begûn wat ûnwennich. Jennie en Amarins rûnen inoar wat yn it paad en dêrtroch kaam Boazum mei in earst foar. Mar dêrmei wie einlikst ek alles sein foar Boazum. Jennie har opslach wie te sterk foar it perk fan Boazum en doe’t se op 3-1 en 6-6 de bal boppe sloech wie de partij feitlik dien. It ein kaam op 5-2 en 6-2. De twadde partij tsjin Goaiïngea ferrûn eigenaardich. Op 6-6 sloech Jenny fier mar ek kwea út. (0-1) Dêrnei pakten se twa kear efterinoar op 6-6 it earst en kamen mei 2-1 foar. It folgende earst waard behelle doe’t Jennie de bal fier oer it perk sloech, mar de efterynse fan Goaiïngea makke in slaande beweging en wie dermei it earst kwyt. Dêrnei wie Goaiïngea it spoar eefkes hielendal kwyt. Jennie sloech in searje sitballen en Brecht kearde op in belangryk momint foar de keats. It resultearre yn in 5-1 foarsprong. Mar doe….. kaam Goaiïngea ferrassend sterk werom. It drige by 5-4 en 6-6 sels fiif earsten gelyk te wurden. Mar doe sloech Jennie goed op en rûn de efterynse fan Goaiïngea min of mear ûnder de bal troch en wie de partij wûn. De tredde partij tsjin Wytmarsum gie om in tredde priis of neat. It earste buordsje gie ferlern troch in kweaslach fan Jennie. Mar sij pakte it twadde buordsje werom troch op de seis de keats te passearen. Troch twa kear in foute opslach op 4-6 rekken se efter mei 1-3. Mar ek Wytmarsum hie lêst fan de senuwen en begûn te boekeljen oan de opslach. (2-3) Dêrnei hie Jennie in sterke searje mei trije sitballen en soarge foar 3-3. Brecht kearde dêrnei op 6-0 op perfekte wize foar de keats. (4-3) Dochs waard it wer gelyk doe’t Mantgum de keats net foarby koe op 6-6. Amarins sloech op in belangryk momint boppe en it waard 5-4. Op 5-4 en 4-4 sloech Jennie, wylst der in keats by de boppe lei, de bal bûten. Dat wie spitich want dernei makke Mantgum in sitbal. Mar it earst gie dochs ferlern en it waard 5-5. It lêste earst ferrûn dramatysk. In 6-4 foarsprong gie ferlern doe’t de keats neat passearre waard. Mar op 6-6 gelyk sloech Jennie in hiele grauwe keats. Se sloech dêrnei de bal foar myn gefoel goed op. De man nêst my op de bank sei: “It is klear jim ha it wûn.” Mar Anneke Smid fan Wytmarsum dy’t einliks noch net in pipernút rekke hie, rekke dizze bal “fligend” en de bal gie boppe. Soks is fansels moai as je winne en dramatysk as je ferlieze. Mar ja, dat is no ienris keatsen. It ferskil kin him soms sitte yn krekt dy lêste slach of krekt dy iene misser op 5-4 en 4-4. Mar froulju, ik ha fan jim genoaten… Jim hâlden de kop dêrfoar en bliuwden dêryn leauwen. Tsja.... as je dan ferlieze, meie fansels bêst efkes lilk wêze en in trien litte. Mar ien ding wit ik seker: “Mantgum hat der trije priiskeatsers by en jim nammen sille noch faak yn de keatsútslaggen foarkomme.”
Geplaatst op 28 June 2010